Tomke is jierdei! Komsto ek op syn feestje?

Tomke is jierdei en dêrom jout hy sneon 18 septimber in feestje op it hiem fan de Muzykpleats. In feestje mei taartsjes, ferhaaltsjes, muzyk en sjongen, spultsjes en in superleuke speurtocht. Tomke soe it geweldich fine asto komst!

Om safolle mooglik bern Tomke syn jierdei meifiere te litten, organisearje wy it feestje hjoed mar leafst trije kear. Alle feestjes hawwe itselde programma en se duorje alle kearen oardeloere. Klik op in tiid hjirûnder foar mear ynformaasje en it bestellen fan tickets.

Kaartsjes foar 10.00 – 11.30 oere

Kaartsjes foar 12.30 – 14.00 oere

Kaartsjes foar 15.00 – 16.30 oere

Beheind plak
Foar elk feestje hat Tomke plak foar in beheind oantal gasten (bern én folwoeksenen!). Dêrom keapest foar dyn bern én foar dysels as âlder/begelieder in kaartsje. Wy hâlde rekken mei dan (mooglik) noch jildende koroanamaatregels.

Paviljoen MeM