Nanne & Ankie

(scroll naar beneden voor de tekst in het nederlands)

Ankie van der Meer en Nanne Kalma spylje al hiel wat jierren tegearre.

Ynearsten yn Irolt, letter yn de groepen Kat yn ‘t Seil, Liereliet en Kajto.

Mei dizze groepen – en ek tegearre – sjongend yn it Frysk, it Nederlânsk, it Esperanto en ek noch wol yn oare talen, brochten se rom fjirtich albums út op LP en CD en makken en meitsje se regelmjittich konsert-toernees yn it bûtenlân, net allinnich yn Europa mar ek yn Noard-Amearika, Austraalje en Azië.

Wat de teksten fan harren lieten oanbelanget, Nanne en Ankie beheine har net en sjonge oer alle soarten fan saken. Maritime en histoaryske tema’s spylje bij har in grutte rol, mar likegoed besjonge se komyske foarfallen út it deistige libben. Ek hâlde se der fan om Fryske poëzij op muzyk te setten.

Yn de rin fan de jierren hawwe se in rige liete-programma’s makke mei maritym-hystoaryske tema’s, bijgelyks ‘Pieter Poot in de Nieuwe Wereld’ oer Pieter Stuyvesant en it programma dêr’t se de lêste jierren mei op ‘en paad gongen: ‘Vuur op de Zuidpunt’.

Yn binnen- en bûtenlân, op grutte en lytse poadia, yn konsertsealen, tsjerken en kroegen, op boaten en op strjitte, op festivals, kofje-konserten en kulturele jûnen, yn de ‘liete-workshops’ dy’t se fersoargje of wêr dan ek mar: oeral en altyd bringe Ankie en Nanne mei humor in programma, taspitst op de sitewaasje.

At dy sitewaasje him der ta lient, wurdt it publyk ek wol útnoege om mei te sjongen.

Se begeliede harsels op ynstruminten as gitaar, mandoline, konsertina en skalmei.

Foar fjirdere ynljochtings:

Nanne Kalma en Ankie van der Meer
Nieuwstad 14
9251 LM Burgum
Til. + 31 (0)511-464679
www.nanne-ankie.nl
E-mail: ankie7@xs4all.nl


Nanne & Ankie

Ankie van der Meer en Nanne Kalma spelen al heel wat jaren samen.

In het begin in Irolt, later in de groepen Kat yn ‘t Seil, Liereliet en Kajto.

Met deze groepen – en ook samen – zingend in het Fries, het Nederlands, het Esperanto en soms nog andere talen, brachten ze ruim veertig albums uit op LP en CD en maakten en maken ze regelmatig concert-tournees in het buitenland, niet alleen in Europa maar ook in Noord Amerika, Australië en Azië.

Wat de teksten van hun liedjes betreft, Nanne en Ankie beperken zich niet en zingen over alle soorten onderwerpen. Maritieme en historische thema’s spelen bij hun een grote rol, maar even makkelijk bezingen ze komische voorvallen uit het dagelijkse leven.

Ook houden ze ervan om poëzie op muziek te zetten.

In de loop der jaren hebben ze een reeks liedjes-programma’s gemaakt met maritiem-historische thema’s, zoals bijvoorbeeld ‘Pieter Poot in de Nieuwe Wereld’ over Pieter Stuyvesant en het programma waarmee ze de laatste jaren de boer op gingen: ‘Vuur op de Zuidpunt’.

In binnen- en buitenland, op grote en kleine podia, in concertzalen, kerken en kroegen, op boten en op straat, op festivals, koffie-concerten en culturele avonden, in de ‘liedjes-workshops’ die ze verzorgen of waar dan ook maar: overal en altijd brengen Ankie en Nanne met humor een programma, toegesneden op de situatie. Als die situatie er zich toe leent, wordt het publiek ook wel uitgenodigd om mee te zingen.

Ze begeleiden zichzelf op instrumenten als gitaar, mandoline, concertina en schalmei.

Voor verdere inlichtingen:

Nanne Kalma en Ankie van der Meer

Nieuwstad 14
9251 LM Burgum
Tel. + 31 (0)511-464679
www.nanne-ankie.nl
E-mail: ankie7@xs4all.nl

%d bloggers liken dit: