Tomke is jierdei! Komsto ek op syn feestje?

Wannear: sneon 18 septimber 2021
Tiid:
15.00 oere
Priis:
€ 3,50 ynkl. konsumpsje en traktaasje (foar lytskes en grutten)

Tomke is jierdei en dêrom jout hy hjoed in feestje. Kompleet mei taartsjes, ferhaaltsjes, muzyk en sjongen, spultsjes en in superleuke speurtocht. Tomke soe it geweldich fine asto komst!

Wolkom
It hiem fan de Muzykpleats yn Bûtenpost is al in aventoer op himsels. Folgje it paad en harkje goed oftsto it Tomke-draaioargel al spyljen hearst … Op it terras is der foar elkenien earst wat te drinken en kinst dyn eigen Tomke-taartsje meitsje. En opite fansels!

Programma
Spesjaal foar Tomke hawwe Danswil en sjongeres Janneke Brakels in Tomke-feestfoarstelling makke mei dûns en muzyk. Dêrnei binne der ferskillende dingen te dwaan. Tomke-skriuwster Riemkje Pitstra is fansels fan ’e partij en fertelt in moai ferhaal oer Tomke dy’t jierdei is, en Hinke Schwering fan Het Muziekbeestje jout in priuwke fan har wurkwinkel ‘boartsje mei boek & muzyk’. Of rin it Tomke-paad troch de bosk en tel mei Tomke de nachtsjes sliepen oant syn jierdei ôf. Kinne jim alle Tomkes fine en de opdrachten útfiere?
Mar neat hoecht, alles mei: kinst ek in spultsje dwaan, kleurje of knutselje, yn de sânbak boartsje, oer it hiem drave of dy útlibje mei de ferklaaiersklean. Oan ’e ein is der foar alle (lytse) gasten in kadootsje!

Trije mooglikheden
Om safolle mooglik bern Tomke syn jierdei meifiere te litten, organisearje wy it feestje hjoed mar leafst trije kear. Alle feestjes hawwe itselde programma en se duorje alle kearen oardeloere.

Beheind plak
Foar elk feestje hat Tomke plak foar in beheind oantal gasten (bern én folwoeksenen!). Dêrom keapest foar dyn bern én foar dysels as âlder/begelieder in kaartsje. Wy hâlde rekken mei dan (mooglik) noch jildende koroanamaatregels.

Kaartsjes bestelle foar: 15.00 oere


(Nog 0 kaart(en) beschikbaar)

Boekingen niet langer mogelijk op deze datum.

Na het plaatsen van uw reservering kunt u (indien van toepassing) direct betalen via IDEAL.
LET OP: Indien het betalen niet meteen lukt, reserveer dan niet opnieuw! In de bevestigingsmail die u ontvangt zit een betaallink, waarmee u alsnog kunt betalen.
Paviljoen MeM