Teaterdiner "Ienenfjirtich dingen"

Wanneer: vrijdag 20 oktober 2023
Tijd: 18:00 uur
Prijs: € 45,00
ynklusyf waarmiten en drinken

 

Deenske proazadichter Carsten René Nielsen op toer troch Fryslân

foto: Preben Stentoft


Yn oktober komt de Fryske oersetting fan Carsten René Nielsen syn nijste proazagedichtebondel Ienenfjirtich dingen (Utjouwerij Hispel) út. Dat feit fiert Nielsen mei in toer troch Fryslân.

 

Op freedtejûn 20 oktober wurdt der in Teaterdiner organisearre hjir yn Paviljoen MeM te Bûtenpost. Tusken de (Deenske) gerjochten troch lêst Nielsen foar út eigen wurk, kriget de titel fan syn bondel op eigensinnige wize stal troch teaterselskip Bern fan Mem en makket Sander Stienstra mei syn soundscapes de belibbing kompleet. Ynrin is om 18:00 oere en de kosten (ynklusyf waarmiten en drinken) binne € 45,00.

 

Nielsen is in bekende yn Fryslân, mei’t er yn 2018 yn it Kulturele Haadstêdjier Ljouwert oandie en yn 2021 mei de boekpresintaasje fan de blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Utjouwerij Hispel) hat er mei oare Deenske dichters yn Ljouwert en Harns optreden. Syn fans hawwe der efkes op wachtsje moatten, mar no leit dêr de bondel Ienenfjirtich dingen, oersetten troch Geart Tigchelaar.

Carsten René Nielsen briek yn 1989 yn Denemarken troch by it grutte publyk mei de bondel Cirkler. Hy stiet sûnt dy tiid as dé Deenske proazadichter bekend en hat yn ’e rin fan ’e tiid syn oeuvre gâns útwreide. Ienenfjirtich dingen is njonken it Frysk oersetten yn it Ingelsk en Italiaansk.

 

Reserveringsformulier:


Na het plaatsen van uw reservering kunt u (indien van toepassing) direct betalen via IDEAL.
LET OP: Indien het betalen niet meteen lukt, reserveer dan niet opnieuw! In de bevestigingsmail die u ontvangt zit een betaallink, waarmee u alsnog kunt betalen.