“Lytse Janke” – Foar it lêst

Wanneer: woensdag 3 september 2025
Tijd: 19:30 uur
Prijs: € 14,00
incl. koffie / thee + Sûkerei koekje
Toaniel op lokaasje

 

“Ik kin net mear… nim har fan my.
Ik moat har loslitte…
Myn Lytse Janke.”

 

Yn it sfearfolle Iepenloftmuseum De Sûkerei yn Damwâld wurdt op 3 septimber foar de lêste kear it yntinse en muzikale ferhaal fan Lytse Janke opfierd. In ferhaal fol leafde, sykjen en fertriet.
Janke is op paad.
Op syk nei har plakje – in plakje dêr’t se thús wêze mei.
In plak fol waarmte, leafde en omtinken.
In yntime foarstelling, fol emoasje en muzyk, dêr’t de siel fan it Wâldsk libben yn trochklinkt.
Binne jo nijsgjirrich nei in ferhaal dat jo net loslitte sil? Kom dan sjen nei Lytse Janke.
Mei:
  • Lytse Janke – Silke Nauta
  • Heit – Wessel de Roos
  • Muoike Tjitske Franses v/d Werff – Janke Griet Elzinga-Feenstra
  • Omke Haan Luitzens Minnema – Hans Feenstra
  • Fertelster – Martje Nauta-Merkus
  • Gitaar, sang, Mem+ – Fokje van der Veen-Elzinga
Regy: Hester Schuil
Technyk: Sander Stienstra
Hûntsje: Lobke

Mooglik makke troch Wâldsmûk en Paviljoen MeM Buitenpost.

Reserveringsformulier:

Boekingen niet langer mogelijk op deze datum.

Na het plaatsen van uw reservering kunt u (indien van toepassing) direct betalen via IDEAL.
LET OP: Indien het betalen niet meteen lukt, reserveer dan niet opnieuw! In de bevestigingsmail die u ontvangt zit een betaallink, waarmee u alsnog kunt betalen.