Gurbe Douwstra: Te Plak

19 april 2020 - 15:30


TePlak is de titel fan in folslein nij solo-lietsjesprogramma fan sjonger en lietskriuwer Gurbe Douwstra. ‘TePlak’ soenen je ek ‘thús’ neame kinne, mar it is mear as dat. It is it plak dêr’t je hearre te wêzen, dêr wêr’t je oprjocht ‘thús’ binne. Oan de ein fan alle reizen binne je úteindelik ‘TePlak’.Je kinne je op in protte plakken ‘thús’ fiele, mar by einbeslút binne je mar op in pear plakken mei rjocht ‘teplak’.

Gurbe Douwstra 2019 TE PLAK theater voorstelling ©Maartje Roos

Foar dizze Drachtster trûbadoer is dat, yn in wat abstrakte foarm, syn muzyk, de teksten en lietsjes wêryn’t hy thús is, tichtby himsels bliuwt en dy’t ek altyd oprjocht binne.Yn in wat minder abstrakte betsjutting is foar Gurbe Douwstra ‘teplak’ ek it poadium, dêr’t hy him de ôfrûne jierren hieltyd mear thús fielt. Mar hy is it foaral ek yn syn libben fan dit momint, wêryn sa’n bytsje alles ‘teplak’ falt. Dêrtroch krije syn lietsjes ekstra ynhâld, betsjutting en djipgong. Lykwols sûnder dat de knypeach nei it libben fergetten wurdt.

Gurbe Douwstra wurdt yn TePlak begelaat troch Wander van Duin, Johanna Hamstra en Jan de Vries.

Meer informatie (u wordt doorverwezen naar de site van Maskelyn)