ÛTFERKOCHT! – "BUTENUT sesjes": Ian Siegal solo

Wanneer: zondag 26 oktober 2025
Tijd: 15:00 uur
Prijs: € 20,00

ÛTFERKOCHT!
Ah goeie muzykleafhawwers,
Lang ferlyn wie Kiehool yn Burgum in tegek poadium foar live-muzyk, mei it Wâldrock festival as absolút hichtepunt. Mei twa Wâldrockers – Jaring de Groot en Rinto Bekkema – siet ik, Willem De Vries, koartlyn noch anekdoates op te heljen oer dy tiid. En sa ûntstie it idee om wer ris wat te dwaan!
Nei in syktocht troch de provinsje kamen wy út by Paviljoen Mem yn Bûtenpost – in prachtige lokaasje mei hiele toffe minsken (Atsje en Sander).
En dus sette wy nei de simmer útein mei de BUTENUT sesjes.
Earste edysje:
🎤 Ian Siegal – Ingelske bluesmuzikant (solo)
🎸 No Saint út Fryslân (Sipke Visser en Bas Kleine)
📅 Snein 26 oktober 2025
🕒 15:00 oere
📍 Paviljoen Mem, Buitenpost
💺 Sittend konsert – praten ûnder it spyljen = NO GO 😉
“Fan it Wâld nei de wrâld, en werom.”
🎟 Kaarten kinst hjirûnder reservearje:

 

Reserveringsformulier:

Boekingen niet langer mogelijk op deze datum.

Na het plaatsen van uw reservering kunt u (indien van toepassing) direct betalen via IDEAL.
LET OP: Indien het betalen niet meteen lukt, reserveer dan niet opnieuw! In de bevestigingsmail die u ontvangt zit een betaallink, waarmee u alsnog kunt betalen.